Krematoarium docht ek mei

13 jul 2000 - 13:13

'Wy dogge mei', de tekst en it logo fan Simmer 2000 dûke dizze dagen oeral op. It krematoarium op It Hearrenfean brûkt it sels yn har krante-advertinsje.

Net in passende kombinaasje, reagearret projektlieder Castelein. Hy tinkt dat it nei alle gedachten om in sponsoraksje giet. De stichting is net benadere. Neffens Castelein sil it pleatslike Simmer 2000-komitee it kontakt lein ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)