Krekt net foar LDODK

17 mrt 2013 - 00:14
  • LDODK
  • LDODK
  • LDODK

De kuorballers fan LDODK koene it sneontejûn krekt net oprêde tsjin Fortuna. Yn Delft waard it 22-21 foar de thúsploech. Yn de earste helte koe LDODK oant 6-6 bybliuwe, dêrnei rûn Fortuna út nei 13-8 by it skoft. Yn de twadde helte wie LDODK better op dreef. Benammen troch de doelpunten fan de froulju fan LDODK bleau it in wedstriid. Marjon Visser makke der sân, Betty Jansma fjouwer. LDODK kaam op 21-21, mar in 'dubieuze' strafworp brocht Fortuna dêrnei de oerwinning. Dúdlik wie dat LDODK punten tsjin de nûmer twa lizzen litten hie.

LDODK bliuwt achtste mei 12 punten út 16 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)