Krekt gjin 20 meter Helmholt

19 aug 2007 - 11:15
  • Helmholt is de lêste wiken tige op dreef (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat mei hast tweintich meter it fierljeppen op It Heidenskip wûn. Hy sprong 19,96 meter. Thewis Hobma waard mei in nei persoanlik rekord fan 19,60 meter twadde. Oane Galama waard tredde mei 19,38 meter.

By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar. Nard Brandsma pakte op de eigen skâns de oerwinning by de junioaren. Alwin Fonk wûn by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)