Kreidler-museum yn Jobbegea

18 jul 2003 - 00:00

De Kreidler-brommer wie yn de jierren '60 en '70 tige populêr ûnder de jongerein, foaral by jonges op it plattelân. Jelle Hofma fan Jobbegea is in Kreidler-fanaat dy't no sels in museum boud hat yn syn wenplak.

It museum is eins noch net hielendal klear, mar de earste besikers ha al west. Hofma hat yn 15 jier in kolleksje opboud fan allinnich Nederlânske Kreidlers. De kolleksje jout in oersjoch fan 1959 oant no ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)