Kreeft trainer Mid-Fryslân

13 mrt 2012 - 16:17

Arjan Kreeft wurdt takom seizoen de nije trainer fan Mid-Fryslân. De 41-jierrige Kreeft is by de kuorballers fan Reduzum en Grou de opfolger fan Peter Tolsma. Tolsma, âld-spiler fan de klup, hâldt der nei trije jier mei op. Kreeft hat sels spile by SCO en by dy ploech út Aldeholtpea wie er ferline jier assistint fan trainer Jan Sjoerd Pool. Mid-Fryslân spilet yn de seal yn de haadklasse en op it fjild yn de eareklasse, it heechste lanlike nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)