"Kreatyf tinke kin wurk opsmite yn de soarch"

04 apr 2016 - 18:20

"Kreatyf tinke kin foar in soad minsken wurk opsmite yn de soarch". Dat sei professor Jouke van Dijk moandei op in konferinsje oer wurkje yn de soarch. Yn de Drachtster Lawei giene mear as hûndert minsken mei-inoar yn petear oer it perspektyf op wurk yn de soarch.

Troch de grutte besunigingsronde binne benammen in soad minsken mei in lege oplieding út it wurk rekke. "In grut part sit thús mei in útkearing, wylst der noch hieltyd in grut ferlet fan is. Dat moatte je dochs byinoar bringe kinne", seit Van Dijk.

Ek Marco Florijn, de eardere wethâlder fan Ljouwert en Rotterdam, stipet dat idee. Neffens him leit de oplossing yn lytsskalige projekten op buertnivo. Florijn ropt wurkjouwers en gemeenten op om soepel mei de formele regels om te gean yn sokke gefallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)