Kreamôfdieling yn elk sikehûs

05 jul 2010 - 22:28

De Fryske gynekologen fine dat alle fiif sikehuzen yn de provinsje in kreamôfdieling hâlde moatte. Se leauwe net dat spesjalisaasje de oplossing is om poppestjerte tsjin te gean. Bettere gearwurking mei ferloskundigen soe dat wol wêze.

Dat skriuwe de Fryske gynekologen yn in reaksje op in lanlik rapport oer stjerte by de berte. Dêryn waard steld dat op minder plakken befallingen dien wurde moatte, mar dat der mear personiel by wêze moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)