Kreakers: wy geane al

16 feb 2006 - 23:56

Neffens de kreakers oan it Suderplein wie it koart pleit fan 'e stichting Steinvoorte tsjin harren oerstallich. Yn dat koart plein waard tongersdei easke dat de kreakers sa gau mooglik út de twa gebouwen fan Steinvoorte gean.

De stichting Steinvoorte wol de gebouwen ferbouwe, mar der sitte al sûnt 2002 kreakers yn. Dy kreakers wiene net oanwêzich by it koart pleit. Sy sille noch ien lyts feestje jaan, en dan binne se fuort, lieten se witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)