Kreakers wer aktyf yn Ljouwert

21 jul 2003 - 00:00

De âlde mûne oan it Fliet yn Ljouwert is kreake. It is al de safolste aksje fan kreakers yn koarte tiid yn de Fryske haadstêd. Se fine dat der te min wenromte is.

De kreakers fan de mûne binne keunstners en se wolle de romte as atelier brûke. Ek wolle se de sloop fan de mûne keare. De gemeente is fan doel de grûn te ferkeapjen oan in boubedriuw. Dy wol op it plak wenningen delsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)