Kreakers út gebou set

20 jan 2009 - 16:53
  • It gebou waard net netsjes en skjin achterlitten....

De kreakers dy't yn it nije gebou fan de goederenbank yn de Ljouwerter wyk Bilgaard sieten binne der wei. Sûnt oktober woe de goederenbank dêr al begjinne, mar om't de kreakers der net út woenen moast de rjochter der oan te pas komme.

Tiisdeitemiddei waard it gebou ûntromme. De kreakers lieten in grutte binde efter. De goederenbank hopet ein febrewaris iepen te kinnen. De tuskenlizzende tiid is seker nedich om it gebou op te knappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)