'Kreakers moatte boekbinerij út'

28 okt 2003 - 00:00

De kreakers moatte de moandeitenacht kreake boekbinerij oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert op syn lêst tiisdeitemiddei om fiif oere ferlitte. Dat stiet yn in ultimatum oan de kreakers fan 'e offisier fan justysje.

Neffens de makelder fan eigner Scheepstra is it gebou koartlyn foar langere tiid ferhierd. De kreakers wolle it hierkontrakt sjen, foardat se fuortgeane. In groep fan fiif oant acht kreakers woe yn it gebou wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)