Kreakers kinne earst bliuwe

02 sep 2002 - 00:00

De seis kreakers fan in wente yn De Westerein kinne earst sitten bliuwe. De eigner, in wenningbouferiening, hat yntusken wol it gas en wetter ôfslute litten. De saak leit no by in adfokaat.

De wenning dy't al in jier leech stiet is sneon kreake. De jongerein wol sa omtinken freegje foar it tekoart oan jongereinwenten. Neffens de wenningbou is dat tekoart der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)