Kreakers hâlde iepen hûs

30 okt 2009 - 07:14
  • De kreakers sitte yn It Fries Koffiehuis oan it Ruterskertier

De kreakers fan it Fries Koffiehuis oan it Ruterskertier yn Ljouwert hâlde sneon iepen hûs. Se dogge dat yn it ramt fan de lanlike kreakaksjedagen. Dy wurde hâlden om te foarkommen dat ek de Earste Keamer de Anty-kreakwet oannimt. Earder die de Twadde Keamer dat wol. Dy wet ferbiedt it om noch langer gebouwen te kreakjen.

Belangstellenden kinne middeis delkomme foar in bakje kofje en sjen hoe't de Ljouwerter kreakers libje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)