Kratten stellen yn Wommels

26 mrt 2006 - 14:12

By de supermerk oan de Terp yn Wommels hat de plysje yn de nacht nei snein twa manlju oanhâlden om't se bierkratten oan it stellen wiene. Tsjûgen hiene sjoen wat der geande wie. Doe't de plysje kaam, wiene de manlju al fuort.

Mar al gau waard dúdlik wêr't se bleaun wiene. Yn in wente yn Wommels waard in 41-jierrige man oanhâlden. Op syn hiem stiene de acht lege kratten fan de supermerk. In 34-jierrige ynwenner fan Snits is ek oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)