Kratten bier stellen

30 jul 2013 - 09:53

In 14-jierrige jonge út Drachten is moandeitemiddei troch oplettende buertbewenners oanhâlden, neidat er kratten bier stellen hie. De kratten stiene ûnder de carport by in hús oan De Morra. De jonge hie de kratten tegearre mei in maat stellen.

De buertbewenners koene ien fan de jonges oanhâlde en oan de plysje oerdrage. De oare jonge naaide út en is noch net fûn. De fertochte is meinaam nei it buro. Hy is foar ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)