Krater komt fan eksploazje

06 apr 2008 - 16:22
  • Teake Cuperus by de krater yn syn lân

De krater dy't dit wykein fûn waard yn in stik lân by Goutum komt troch in eksploazje. De Eksplosive Oprommingstsjinst EOD hat dêr fan 'e wike in bom ta ûntploffing brocht. De tsjinst gie derfan út dat it lân fan de gemeente wie, mar dat wie net it gefal.

Eigner Teake Cuperus seach sneon de krater yn syn lân. It gat is goed in meter djip en 2,5 meter breed. Yn en om it gat binne stikjes aluminium fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)