Krapte op intensive care Grins

17 jun 2008 - 17:58
  • Topdrokte by it UMCG yn Grins

Fryske sikehuzen kinne net mear mei alle akute gefallen op de intensive care fan it UMCG yn Grins telâne. It UMCG hat alle sikehuzen yn it Noarden yn in brief útlein dat it de lêste tiid sa drok is op de yntinsive soarch fan it sikehûs dat it problemen jout.

Sa moatte geregeld grutte operaasjes útsteld wurde omdat dêrnei foar de pasjinten gjin bêd beskikber is. It UMCG freget allinne pasjinten nei Grins te stjoeren dêr't oars gjin plak foar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)