Krapte oan boerehelp driget

17 mrt 2011 - 14:33
  • Foto: Omrop Fryslân

Der driget grutte krapte oan agrarysk oplaat personiel. Yn Fryslân is it benammen de melkfeehâlderij dêr't aanst in grut tekoart oan minsken is. LTO-Noard sit dêr bot oer yn. Mei skoallen sil de boere-organisaasje besykje minsken wer entûsjast te krijen foar it wurk by de boer.

De ûnderwiisdei fan 'e LTO sil takom wike ek alfêst omtinken jaan oan it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)