Krappe oerwinning foar H'fean

09 nov 2008 - 18:23
  • Bonaventure Kalou (foto: Martin de Jong)

Sportklub Hearrenfean hat lang om let wer in oerwinning helle. Troch in doelpunt fan ynfaller Bonaventure Kalou yn de 86e minút wûn Hearrenfean mei 1-0 fan ADO Den Haach.

Hearrenfean wie wol beter, mar noch net oertsjûgjend. De Feansters misten in pear kânsen, wêrnei't Kalou dochs noch de winnende goal makke. Michael Dingsdag foel nei tweintich minuten út mei in blessuere. SC Hearrenfean is no achtste mei sechtjin punten út tsien wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)