Kranten út 18e ieu fûn yn Harns

25 apr 2006 - 10:16

By de ferbouwing fan kafee De Lichtboei yn Harns binne kranten ûntdutsen út de 18de ieu. Tusken de âlde balken sieten ûnder oare in Ljouwerter Krante en in Oprechte Haerlemse Courant, tsjintwurdich it Haarlems Dagblad. De kranten komme út 1777, 1779 en 1780. Nei alle gedachten binne se brûkt om naden te tichtsjen.

De eigner wol besykje de âlde kranten yn it kafee op te hingjen foar de besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)