Kranten letter troch steuring

28 jul 2014 - 06:44

Troch in technyske steuring yn de drukkerij wurde de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad moandei letter besoarge. It kin neffens in wurdfierder wol oant de ein fan de moarn of begjin fan de middei duorje foar't de moarnskranten by de minsken thús lizze. Ek de Telegraaf leit letter op de doarmatte. Dy wurdt tagelyk mei de beide Fryske kranten besoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)