Kranten letter by lêzer

03 okt 2009 - 08:02

Lêzers fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd krije de kranten sneon letter. By de produksje fan de Ljouwerter Krante binne ôfrûne nacht technyske problemen ûntstien. De krante ferskynt dêtroch letter. Op guon plakken sil de krante pas nei tsien oere besoarge wurde. De problemen binne yn de rin fan 'e nacht oplost.

Om't it Frysk Deiblêd mei de buskes fan de Ljouwerter Krante ferspraat wurdt, komt dy krante ek letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)