Kranten: LC krimpt, FD groeit

27 mrt 2012 - 09:50
  • Leeuwarder Courant

De oplage fan de Ljouwerter Krante is yn de lêste trije moannen fan 2011 mei acht persint ôfnaam yn fergelyk mei deselde perioade in jier dêrfoar. De totale oplage wie goed foar 86.000 eksimplaren. Dat docht bliken út sifers fan oplage-ynstitút HOI dy't tiisdei presintearre binne. Neffens de Ljouwert Krante komt de ôfname troch it tal proefabonneminten dat net ferlingd is.

De oplage fan it Frysk Deiblêd is yn itselde kwartaal mei 11 persint tanaam nei goed 16.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)