Krantebesoarger Snits oanriden

18 feb 2006 - 16:46

De plysje fan Snits siket tsjûgen fan in oanriding fan in krantebesoarger. De man fan 37 wie sneon betiid op de Molekrite yn Snits dwaande mei syn ronde. Doe't er yn syn auto stappe woe, waard er fan achteren oanriden.

Hy rekke ferwûne oan it skouder en moast nei it sikehûs. De bestjoerder fan de oare auto is hurd fuortriden. Hy ried nei alle gedachten yn in donkere bus. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)