Krante oer Suderseeline klear

19 aug 2004 - 09:32

Freed wurdt de ynformaasjekrante oer de Suderseespoarline rûnbrocht yn de fjouwer oanbelangjende provinsjes. De namme fan de krante is Zuiderzeelijn en hy waard woansdei op it Provinsjehûs oan de parse presintearre.

Middels dy krante en foarljochtings- byienkomsten krije de boargers ynformaasje oer de sweefbaan en inkele farianten. Yn 2006 folget dan yn Fryslân noch in folksrieplachting oer it omstriden Suderseespoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)