Krante Kulturele Haadstêd waarmet minsken op foar 2018

27 jan 2015 - 21:33

Eltsenien kin en moat meidwaan oan Kulturele Haadstêd 2018. Dat stiet yn de Kulturele Haadstêd-krante, dy't woansdei by eltsenien yn Fryslân op de matte leit. Woansdei is ek de nije webside online. Krante en site moatte minsken waarm meitsje foar dy Kulturele Haadstêd. Fierder is te lêzen hokker projekten der komme en hoe't it mei de finânsjes komt.

De kommende moannen praat de organisaasje mei fûnsen en oare partijen dy't sponsorje kinne. De ferwachting is dat elke euro dy't der oan útjûn wurdt, twa kear werom komt fia de besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)