Kramers Fr. kampioenen triatlon

29 aug 2004 - 12:54

By it iepen Frysk kampioenskip triatlon yn Drachten is Sjako Kramer tredde wurden. Mar hy wie wol de earste Fries en is dus Frysk kampioen wurden. Tiedo Tinga en André Laven wiene syn grutte konkurrinten, mar dy rêden it net op. De dielnimmers hiene by it fytsen en swimmen lêst fan de hurde wyn, mar fierder wiene de waarsomstannichheden goed.

By de froulju waard Mariska Kramer Frysk kampioene. Sy is troud mei Sjako.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)