Kramer yn Sint Nyk fallyt

21 aug 2013 - 15:03
  • Trochstart boubedriuw Kramer yn Sint Nyk

It fallyt ferklearre boubedriuw Kramer yn Sint Nyk mikt op in trochstart. It famyljebedriuw moat de doarren slute, sa is woansdei bekend wurden. Dêrtroch komme 17 man op strjitte. De lêste tiid is it personielsbestân al drastysk werombrocht, fan wol 80 man in pear jier lyn. It fallisemint fan it oare boubedriuw yn Sint Nyk, Van der Werf, earder dit jier, hat Kramer net ekstra wurk oplevere. De fakbûnen binne net belutsen by it fallisemint fan Kramer. Der hat ek gjin oerlis west oer hoe't it fierder mei de 17 meiwurkers komt.

Fan in sosjaal plan is yn sa'n gefal gjin sprake. De fakbûnen sille de minsken sa folle mooglik begeliede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)