Kramer yn rit fiif op 10 km

22 mrt 2013 - 17:55
  • Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer komt sneon by de wrâldkampioenskippen reedriden yn Sotsji al betiid yn aksje op de tsien kilometer. Kramer rydt yn de fyfde rit tsjin de Dútser Moritz Geisreiter. Jorrit Bergsma rydt yn de sechsde rit tsjin Bob de Jong. Dêrnei komme de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee en de Dútser Marco Weber noch yn aksje. Sven Kramer is favoryt op de tsien kilometer. Freed wûn er de titel op de fiif kilometer al.

Ireen Wüst rydt op de tûzen meter yn de sechsde rit tsjin de Japanse Kodaira. Marrit Leenstra komt twa ritten letter yn aksje tsjin Laurine van Riessen. Wüst moat dêrnei noch oantrede foar de fiif kilometer. Dan rydt se as fyfde, tsjin de Japanse Hozumi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)