Kramer yn lêste rit tsjin Lee

17 feb 2014 - 15:28
  • Sven Kramer yn Sotsji
  • Jorrit Bergsma yn Sotsji

Sven Kramer komt tiisdei op de 10 kilometer fan de Olympyske Spelen yn de sânde en lêste rit yn aksje tsjin Seung-Hoon Lee fan Súd-Koreä. Dat is it resultaat fan de lotting fan moandei. Jorrit Bergsma, de grutste konkurrint fan Kramer, mei it yn de sechde rit opnimme tsjin de Belch Bart Swings. Bob de Jong rydt yn de fyfde rit tsjin de Dütser Alexej Baumgärtner.

Kramer wol op de 10 kilometer revâns nimme foar de diskwalifikaasje foar de ferkearde wiksel by de Olympyske Spelen yn Vancouver. It goud gie doe nei Seung-Hoon Lee.

Der dogge mei-inoar fjirtjin hurdriders mei oan de 10 kilometer. De Rus Ivan Skobrev en de Noaren Havard Bøkko en Sverre Lunde Pedersen hawwe ôfsein. Sy wolle har konsintrearje op de ploege-efterfolging fan letter dizze wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)