Kramer wol gjin huldiging

02 mrt 2010 - 17:58

Sven Kramer wurdt dizze wike net huldige op It Hearrenfean. De gemeente hie de draaiboeken al klear, mar Kramer hat oanjûn dat net te wollen. De winner fan de gouden medalje op de 5000 meter fynt dat de huldiging net past by syn gemoedstastân.

Ek de twa oare gouden ynwenners, Mark Tuitert en Ireen Wüst, wurde net huldige. Sy dogge dat yn it doarp dêr't se berne binne. De gemeente is teloarsteld, mar hopet by it Fries Sportgala in nije kâns te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)