Kramer wit neat fan oerstap

11 feb 2012 - 14:00

Sven Kramer wit neat fan in oerstap nei de Noarske reedrydploech fan Peter Müller. It berjocht fan 'e mooglike oerstap komt fan de Noarske tillevyzjeomrop NRK. Kramer fertelde yn in ynterview dat er alle opsjes foar kommend seizoen iepenhâldt. Dan rint syn kontrakt mei TVM ôf.

Kramer sels seit dat it om spekulaasjes giet. Ek de Noarske manager Eskil Ervik bliuwt geheimsinnich. Hurdrider Havard Bokko is dúdliker. Neffens him is Kramer te djoer foar de Noarske sponsor CBA. Foar hokker ploech Kramer takom seizoen ride sil is ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)