Kramer wint yn Amearika

11 apr 2010 - 18:30
  • De spannende finale

Mariska Kramer hat snein de heale maraton fan St. Louis yn Amearika op har namme skreaun. De atlete út Drachten like twadde te wurden mar profitearre fan in blunder fan Kelly Handel. Dy hie de hannen foar de einstreek al yn de loft.

Kramer sette noch ien kear goed oan en wie krekt in stapke earder as har tsjinstanner. Kramer einige yn in tiid fan 1.17,23. Gjin persoanlik rekôr, mar de Drachtster atlete wie dik tefreden mei har winnende tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)