Kramer wint Teutobergerwaldlauf

19 okt 2003 - 00:00

Triatlete Mariska Kramer út Drachten wûn sneon yn it Dútse Lengerich de Teutobergerwaldlauf. It giet om in loop fan 27,5 kilometer troch de heuvels. Kramer beskôge de wedstriid as training foar de triatlon fan Florida, dêr't se oer trije wike oan meidwaan sil. Maaike Hornstra út Jellem wie tredde yn Lengerich.

Sjako Kramer, de man fan Mariska, waard tsiende by de manlju. By de manlju wûn de Dútse triatleet Jurgen Maier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)