Kramer wint syn 5e NK allround

30 des 2012 - 17:46
  • Kampioen Sven Kramer
  • Jorien ter Mors en Sven Kramer

Sven Kramer hat snein by it NK allround syn fyfde nasjonale titel pakt. Op de ôfslutende 10 kilometer moast Kramer mei syn ploechgenoat en konkurrint Jan Blokhuijsen yn in rjochtstreeks duel útfjochtsje wa't Nederlânsk kampioen wurde soe. Lang wienen beide riders oan inoar weage. Yn de slotrondes liet Kramer der lykwols gjin twifel oer bestean wa't de bêste wie.

Kramer einige mei 12.59.66 op it twadde plak. Winnaar waard Bob de Jong, dy't in tiid fan 12.58.34 op 'e klok sette. Blokhuijsen waard tredde yn 13.03.42.

It is foar Kramer syn fyfde nasjonale allroundtitel nei eardere oerwinningen yn 2005, 2007, 2008 en 2009. De TVM-rider stiet dêrmei twadde op de 'eeuwige ranglijst', efter Hilbert van der Duim dy't sân kear it NK allround wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)