Kramer wint ronde Ronostrân

31 maaie 2009 - 18:06

Sven Kramer hat snein de Ronde fan it Ronostrân wûn, de sechsde wedstriid yn de klupkompetysje. Kramer wûn de sprint fan in kopgroep fan sân man. Kramer is lid fan hurdfytsklup Olympia fan It Hearrenfean. Foar Kramer past it hurdfytsen moai yn de tarieding op it kommende reedrydseizoen.

It is foar Kramer de twadde oerwinning op de fyts fan dit seizoen. Hy wûn earder ek al de Westfriese Doarpenomloop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)