Kramer wint heale maraton

17 okt 2011 - 20:19

Hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten hat yn Columbus, Amearika, de heale maraton wûn. Se die dat yn in nij persoanlik rekôr fan 1.13,52. Se ferbettere mei dy tiid ek it parkoersrekôr mei hast in heale minút.

Kramer komt werom fan in blessuere oan de ribben. Se rint no yn Amearika om har ta te rieden op de maraton fan Philadelphia, ein novimber. Dêr sil se besykje har titel fan ferline jier te ferdigenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)