Kramer wint heale maraton

21 apr 2012 - 17:53
  • Mariska Kramer

Mariska Kramer hat de heale maraton yn it Amerikaanske Carmel wûn. De
Drachtster atlete hie in tiid fan 1:16:53. Dat is goed oardel minút rapper as it parkoersrekôr. Mariska Kramer is trije wiken yn Amearika om har ta te rieden op de maraton yn Vancouver yn Kanada dy't 6 maaie is. By dizze maraton hopet se har persoanlike tiid op te skerpjen nei in tiid ûnder de 2 oeren en 34 minuten. It persoanlike rekôr rûn Kramer yn 2011 yn de maraton fan Philadelphia en stiet op 2:35:46.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)