Kramer wint 3000 meter

15 okt 2011 - 16:51

Sven Kramer hat sneon yn Inzell fuort by syn earste wedstriid nei oardel jier de bêste tiid op syn namme set. Op de 3000 meter ried Kramer 3.44.88, goed genôch foar in earste priis. Dêrmei kin de Fryske reedrider him mjitte mei oare rappe tiden út it foarseizoen. Sa ried de Rus Ivan Skobrev in pear wike bygelyks in tel rapper: 3.43.40.

Sven Kramer ried maart 2010 syn lêste wedstriid, omdat in slepende blessuere him dêrnei parten spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)