Kramer ûntspannen foar Sotsji

18 okt 2013 - 18:15
  • Sven Kramer fan de TVM-ploech

Sven Kramer hat him noch nea sa ûntspannen taret op de Olympyske Spelen. Yn Sotsji wol er revâns nimme op de teloarstellende Spelen yn Vancouver fjouwer jier lyn, wêryn't er diskwalifisearre waard op de 10 kilometer fanwege in ferkearde wiksel en teloarstellend neist it poadium einige op de ploege-achterfolging. De doelstelling foar Sotsji is helder: trije kear goud op de 5 en 10 kilometer en de ploege-achterfolging.

Wat der takom seizoen krekt barre sil mei de TVM-ploech is noch ûndúdklik. Neffens Kramer binne der al wol gesprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)