Kramer twadde yn Louisville

25 apr 2010 - 16:06
  • Kramer as winneres fan 'e Ironman yn Kentucky (foto: Ironman)

Atlete Mariska Kramer fan Drachten is snein twadde wurden yn de maraton fan Louisville yn it Amerikaanske Kentucky. Kramer rûn de maraton yn in tiid fan 2.50.51. Kramer is goed bekend yn Louisville. Yn deselde stêd wûn se yn 2008 de Ironman triatlon.

De maraton fan Kentucky wie der ien út in searje fan trije, dy't Kramer rint. De lêste maraton yn dizze searje dy't Kramer rinne sil is de maraton fan Ljouwert. Dy is dit jier op 6 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)