Kramer twadde yn Falkenstein

18 maaie 2009 - 10:55
  • Mariska Kramer by de Ironman yn 2008

Mariska Kramer fan Drachten is snein as twadde einige op in duatlon yn Falkenstein yn Dútslân. De atlete moast 16 km hurdrinne, 60 km fytse en nochris 8 km hurdrinne. De Dútske Christine Möller waard earste.

Kramer wie sels net tefreden oer har prestaasje. It gie net hielendal sa't se woe. By it fytsen rûn it ketting derôf ûnder it skeakeljen. Mariska Kramer riedt hat ta op de duatlon Ironman yn it Switserke Zürich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)