Kramer twadde op WK duatlon

10 aug 2008 - 17:52
  • Mariska Kramer en de lettere kampioene

Mariska_Kramer út Drachten is snein yn it Belgyske Geel twadde wurden op it WK lange duatlon. De oerwinning gie, krekt as ferline jier, nei Catriona Morrison út Ingelân.

Kramer rûn lang oan kop, mar dronk wilens de race te folle. Dêr krige se lêst fan en dat bruts har op_´t _lêst op. Morrison gie har foarby. Kramer toande har lykwols tefreden mei it twadde plak. Noch nea einige se sa heech op in wrâldkampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)