Kramer twadde op NK triatlon

21 jun 2004 - 00:00

Mariska Kramer fan Drachten is snein twadde wurden op it NK lange ôfstânstriatlon yn Limburch. By de manlju waard Tiedo Tinga fan De Lemmer fyfde. Tinga wie nei it swimmen noch fjirde, mar by it fytsen waard er ynhelle. By it hurdrinnen koe Tinga syn fyfde posysje hanthavenje.

It NK lange ôfstânstriatlon waard in oerwinning foar de Belch Gerrit Schellens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)