Kramer tsjin Falger en Fabris

07 jan 2005 - 17:43

Sven Kramer begjint it EK reedriden op Thialf freed mei in 500 meter tsjin de Eastenriker Falger. Op de 5 kilometer mei Kramer it opnimme tsjin it Italiaan Fabris. It is gjin ûngeunstige lotting.

Kramer komt op beide ôfstannen nei de measte oare favoriten yn aksje, sadat er wit op watfoar tiden hy him rjochtsje moat. Op de 500 meter is de rit fan Kramer de lêste. Op de 5.000 meter komme nei Kramer Carl Verheijen en de Noar Grodum noch yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)