Kramer tsjin Bergsma op 5 km by NK ôfstannen

24 des 2015 - 14:15
  • Jorrit Bergsma en Sven Kramer

Olympysk- en wrâldkampioen Sven Kramer en syn grutste útdager Jorrit Bergsma ride no snein by de NK ôfstannen yn Thialf op de 5 kilometer yn de achtste en foarlêste rit tsjin elkoar. Dat docht bliken út de startlisten dy't tongersdei publisearre binne.

Kramer ferdediget syn Nederlânske titel tsjin Bergsma. Yn de njoggende en lêste race komme Arjan Stroetinga en Douwe de Vries tsjin elkoar út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)