Kramer troch nei heale finale

16 feb 2006 - 11:29

De Nederlânske manljusploech reedriden achterfolging is troch nei de heale finales fan de Olympyske Spelen yn Turijn. It trijetal Sven Kramer, Erben Wennemars en Carl Verheijen wûn woansdeitejûn yn de kwartfinales fan Ruslân. Yn de heale finale komt Nederlân moarn út tsjin Italië.

De Nederlânske frouljusploech achterfolging waard útskeakele. Se ferlearen yn de kwartfinales fan Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)