Kramer tolfde op EK 500 meter

07 jan 2012 - 12:54
  • Sven Kramer

Sven Kramer is tolfde wurden op de 500 meter by it Europeesk kampioenskip reedriden yn Boedapest. De fjouwerfâldich Europeesk kampioen ried 37.77. De winst wie foar de Poal Konrad Niedzwiedzki yn 36.89, foar syn lângenoat Brodka yn 36.90. Jan Blokhuijsen, in gutte konkurrint fan Kramer, waard tredde yn 36.93. Havard Bøkko einige as fiifde yn 37.25.

Kramer moat op de 5 km acht sekonden goedmeitsje op Blokhuijsen en fiif op Bøkko.

Bram Smallenbroek fan De Lemmer, hy rydt foar Eastenryk, waard alfde yn 37.75. Ted-Jan Bloemen, hy komt út foar it gewest Fryslân, ried 37.84, goed foar it fjirtjinde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)