Kramer toant foarm yn Dokkum

20 mrt 2011 - 16:05
  • Mariska Kramer op argyffoto

Mei in tiid fan 1:16,55 hat atlete Mariska Kramer op de Bonifatiusloop in prima generale rûn foar de maraton van Utrecht op twadde Peaskedei. Kramer woe yn Dokkum nei in heale maraton útkomme binnen 1.17.30.

Yn Utrecht kin de atlete út Drachten har pleatse foar it WK atletyk, ein augustus yn Súd-Koreä. Twad en tred waarden Yvonne Kassenberg en Inge Wulffelé. By de manlju gie de winst nei Ljouwerter Remon van Lunzen foar Jan Venhuizen en Ben Stellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)