Kramer: stipe foar bondelbus

02 jul 2011 - 12:37

De bondelbus kin rekkenje op stipe fan de provinsje. Dat seit deputearre Johannes Kramer fan de FNP. De Christen Unie komt mei it plan om regulier iepenbier ferfier op it plattelân te kombinearjen mei doelgroepeferfier. Der is ûndersyk nei dien troch studinten fan Thorbecke.

Yn in tiid fan besunigings kin sa'n nije foarm kosten besparje. Súdwest- Fryslân is geskikt as proefgemeente. Dêr wurdt takom jier in nije konsesje ferliend. De bus moat yn 2013 ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)